|
Song: | Fries volkslied |
Album: | Live | Genres: | 13 |
Year: | 1998 |
Length: | 348 sec |
Lyrics:
Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde
It Fryske lân fol eare en rom
Refrein:
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen
Oerâlde, leave Fryske grûn
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen
Dy't Friezen oan har lân ferbûn
Refrein
Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare
Syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare
En twang, fan wa ek, stie it tsjin
Refrein
Trochloftich folk fan dizze âlde namme
Wês jimmer op dy âlders grut!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme
In grien, in krêftich bloeiend leat!
Refrein
Download Now!!!
Copyright © 2020 Zortam.com. All Rights Reserved.
|